Wurk Planetenlaan earder dien
It wurk oan de Planetenlaan yn Ljouwert is earder klear as pland. Binnen in moanne moat it asfaltearjen dien wêze, yn plak fan acht wiken. Wethâlder Waanders hat dat besluten nei't bliken die dat it wurk ferkearsoerlêst joech.
Om de oerlêst minder te meitsjen wiist de gemeente yn advertinsjes op alternative rûtes. Ek is de brêge noch mar ien kear yn de oere iepen.