Mokselfiskers wolle wer útein
No't de kokkelfiskers wer fiskje meie wolle ek de fiskers nei mokselsied nei fjouwer jier wer begjinne. De Waad-feriening is dêr poer op tsjin: de mokselstân soe noch net hersteld wêze.
Tongersdei krigen de kokkelfiskers fan it ministearje tastimming om wer oan de slach. De Waadferiening wol in nije fergunning foar de mokselfiskers tsjinhâlde.