Klok Rinsumageast kin wer liede?

16 aug 2002 - 00:00

De klok yn 'e toer fan Rinsumageast kin yn 'e takomst mooglik dochs wer liede. Oant no ta kin dat net, want yn de koperen klok sit in skuorke. Ek it oerwurk yn 'e toer is oan fernijing ta.

De gemeente Dantumadiel lit him meikoarten ynformearje oer de hichte fan de kosten fan in opknapbeurt. As dat bekend is, kin derta oergien wurde jild beskikber te stellen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)