Bern rêden út baarnende tinte

16 aug 2002 - 00:00

Twa bern binne tongersdei op in kamping op Flylân op it allerlêste momint út in baarnende tinte rêden. Har heit, in 53-jierrige ynwenner fan Oss, hie foar it bernetintsje waksineljochtsjes op plastik kratten delset en dy oanstutsen.

De man wie de kearskes ferjitten doe't er nei syn eigen tinte gong. De kratten en de bernetinte fleagen yn 'e brân. In oare kampearder hat de bern rêden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)