Dakleazeopfang yn jildkrapte

© Omrop Fryslân
Dakleazeopfang De Terp yn Ljouwert sit yn swirrichheden. Troch jild- en personielskrapte kinne se gjin nije bewenners mear opnimme. Der komme hieltyd mear dakleazen mei pychyske problemen en dat freget mear omtinken.
Ut it jierferslach docht bliken dat der in tekoart is fan 100.000 euro. Njonken jild is ek goed oplaat personiel en gearwurking mei de GGZ nedich.