'Heinsbroek foar de rjochtbank'

© Omrop Fryslân
Aksjekomitee 'Lit it Sâlt mar sitte' wol minister Heinsbroek foar de rjochtbank slepe. Se binne lilk dat it Ryk sâltwinning yn it gebiet noardlik fan Doanjum tastien hat. Frisia mei oan it jier 2013 ta 12 miljoen ton sâlt út 'e grûn helje.
De bewenners fan 'e streek binne poer, want dan fersakje harren huzen noch mear as no en se krije gjin fergoeding.