Bakje foar drugsspuiten

15 aug 2002 - 00:00

Ferslaafden kinne brûkte drugsspuiten tenei feiliger bewarje. GGD Fryslân ferspriedt op proef fyftich spesjale bakjes foar de nullen. Dêrnei kinne de ferslaafden de spuiten ynruilje foar skjinne.

Brûkte spuiten bedarje no faak yn 'e boskjes of op strjitte. Dat is benammen gefaarlik foar bern, want as se harren prippe, kinne se in sykte oprinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)