Baldadige jonges op It Fean

15 aug 2002 - 00:00

De plysje hat tsjin in 16-jierrige jonge út It Hearrenfean proses-ferbaal opmakke. Hy hie op it skoalplein oan de Lepelaarstrjitte mei in pear maten woansdeitejûn fjoer makke. Doe't se in spuitbus yn it fjoer goaiden wie der in ûntploffing.

Buertbewenners waarden der kjel fan. Mei help fan tsjûgen is de jonge thús oanhâlden. Hy hat bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)