Ofbaarnd Snijtech wurket alwer

© Omrop Fryslân
Twa dagen nei de grutte brân set plaatbewurkingsbedriuw Snijtech op 'e Jouwer alwer út ein mei de produksje. De meiwurkers kinne telâne by in oar metaalbedriuw op It Hearrenfean.
Snijtech moat wol jûns en nachts wurkje, want oerdeis moat Multi Metaal Toelevering de masines sels brûke. De gearwurking kaam ta stân om't de beide direkteuren famylje faninoar binne.