Spookrydster nei 25 km klemriden

14 aug 2002 - 00:00

In 21-jierrige frou út Drachten hat moandei spookriden op de A32. It hiele ein tusken Wolvegea en Grou - 25 km - ried se tsjin it ferkear yn op de fjouwerbaans dyk. Earst by Grou koe se troch de plysje fan 'e wei ôf riden wurde.

It frommiske wie slim yn 'e war. Se is oerbrocht nei it sikehûs. Wûnder boppe wûnder wiene der gjin ûngemakken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)