Cambuur ferslacht Urk: 6 - 1

© Omrop Fryslân
Cambuur fersloech tiisdei yn eigen stadion sneons-haadklasser Urk mei 6-1. It wie in wedstriid yn poule 19 fan 'e Amstel Cup. By it skoft wie it noch mar 1-0, mar dêrnei kaam Cambuur goed los.
De Ljouwerter goals wiene fan Lionel Lord (3x), Dirk Jan Derksen, Dominique van Dijk en Ferdino Hernandez. De Urker goal wie in strafskop fan Jan Kramer. Cambuur hat no twa wedstriden wûn.