Flats Europaplein wurde oars

© Omrop Fryslân
Twa fan de fiif flats op it Europaplein yn Ljouwert feroarje folslein. Yn de Valeriusflat komme hierwenten en yn de Westeindflat, dy't al leech stiet, komme djoere keapapparteminten.
It is heech tiid om te renovearjen want nei de bou yn 1966 is neat mear oan de flats dien. In bou-ûndersyk moat de mooglikheden neigean. Fan de 52 wenten no komme der 32 romme wenten werom.