Nije baan en soargen foar Impala

13 aug 2002 - 00:00

Moandei waard yn Drachten de nije atletykbaan fan Impala oplevere, mar dochs hat de klup soargen. Impala hat grutte krityk op oannimmer Van Kessel út it suden fan it lân, benammen op it lette tiidstip fan opleverjen.

De baan soe earst novimber ferline jier al klear wêze. No is it hiele simmerseizoen yn it wetter fallen en ferliest Impala leden en kantine-ynkomsten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)