'Seehûnefirus komt fan nertsen'

© Omrop Fryslân
It seehûnefirus is mooglik ferspraat troch nertsen. Dat tinkt in Sweedske bistedokter. Neffens him is it net sa dat it firus jierrenlang 'sliept' hat yn de seehûnen en no de kop wer opstekt.
De seehûnen soene it krigen ha troch mei sike nertsen te boartsjen. It firus slacht op dit stuit in grut gat yn it tal seehûnen yn ûnder mear It Waad. Dêr binne al 250 bisten stoarn.