Dokk'em Open Air: 500 minsken

© Omrop Fryslân
Metal festival Dokk'em Open Air luts sneon in goeie 500 leafhawwers nei Boarnwert. Finansjeel kin it festival dêrmei net út. In wichtige oarsaak is grif it waar, want it reinde oerenlang tidens it festival.
De reaksjes fan publyk en bands wiene posityf. De organisaasje is dêrom fan doel en organisearje yn 2003 wer in Dokk'em Open Air, as it om it jild kin.