Taksysjauffeur fan auto beroofd

11 aug 2002 - 00:00

In taksysjauffeur fan Ferwert is sneon fan syn auto beroofd. De man hie twa persoanen oppikt yn Boarnwert en brocht har nei Broeksterwâld.

Op in gegeven stuit moast de sjauffeur stopje. De twa sleurden him mei geweld de taksy út. Dêrby foelen klappen. De passazjiers binne dêrnei ôfset mei de taksy, dy't letter fûn is by Mûnein. De plysje ûndersiket de saak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)