Koart nijs

© Omrop Fryslân
De plysje hat sneon it deade lichem fan in frou fan 20 yn in hûs fûn. Dat barde yn de 5e Vegelindwarsstraat yn Ljouwert, nei in tillefoantsje. De deadsoarsaak wurdt noch ûndersocht.
Sneon is in flat oan de Sieverstraat yn Hearrenfean útbaarnd. De plysje tinkt dat de bewenner, dy't ûnder ynfloed wie, de saak sels oanstutsen hat. De man hat slimme brânwûnen oprûn.