Ferlies De Jouwer
De Jouwer hat sneon mei 3-0 ferlern fan Urk, yn de striid om de Amstel Cup. De Jouwer koe de Urkers lang op 1-0 hâlde, mar moast op it lêst echt belies jaan.
Yn deselde poule wie Cambuur freed de baas oer Genemuiden. It waard 0-7. Ferrier krige yn de 60e minút in reade kaart. Cambuur stie doe mei 2-0 foar. Bruin en Van Dijk skoarden elk twa kear.