Frouljuskeatsen falt yn't wetter

10 aug 2002 - 00:00

De haadklasse útnoegingspartij foar froulju yn Menaam foel freed yn 't wetter. De earste omloop wie noch net iens útkeatst doe't it wetter mei bakken út 'e loft foel.

Fierder keatse wie ûnmooglik. Sneu foar de organisaasje, want ferline jier waard it frouljuskeatsen yn Menaam ek al ûnderbrutsen troch it reinwetter. In strop foar de organisaasje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)