Wapens fûn by ynfal

© Omrop Fryslân
De plysje hat by in ynfal yn in wenning yn Burdaard tongersdei (fjoer)wapens, granaten en nazi-materiaal fûn. It soe gean om in samling fan guod út benammen de Twadde Wrâldkriich.
De 23-jierrige bewenner fan it hûs wie op it stuit fan de ynfal net thús. De plysje is nei him op syk. By de aksje waard de Explosieven Opruimings Dienst ynset. De wapens binne ynnommen.