Jonge dea nei botsing mei trein

08 aug 2002 - 00:00

In jonge fan santjin jier is tongersdeitemiddei om it libben kommen. Hy botste mei de trein op it trajekt fan Ljouwert-Grins op in oerwei by De Westerein. Neffens de plysje fytste er by de slachbomen del. It slachtoffer stoar op it plak sels.

It treinferkear tusken Bûtenpost en Hurdegaryp ried in pear oeren net. Ferfierder Noordned sette bussen yn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)