Eksploazje op boat

© Omrop Fryslân
Seis minsken binne woansdei by Snits ferwûne rekke. Se woenen nei de Snitsermar farre, mar de motor woe net starte. De skipper helle de bûzjys derút om se skjin te meitsjen. By it fonken kaam ynienen in grutte stekflam.
Alle ynsittenden rûnen brânwûnen op. Se sprongen yn it wetter. Se binne nei it sikehûs yn Snits brocht. De brânwacht hat it fjoer yn de boat dwêst.