Sliter oerfallen; tsjûgen socht

© Omrop Fryslân
In sliter oan it Cambuurplein yn Ljouwert is woansdei oerfallen. In man kaam de winkel yn en easke it jild út de kassa. De man hie in fjoerwapen by him. De winkelmeiwurker joech it jild. De man fytste fuort yn de rjochting fan de Coopmansstrjitte.
De plysje siket tsjûgen. De man is 1.80 meter, hat koart, ljocht hier. Belje kin mei 0900 - 8844.