Gjin wyn op Snitser hurdsyldei
In driuwpartij op 'e hurdsyldei yn Snits. Wat it hichtepunt wurde moast fan de 67ste Snitswike waard wat it silen oangiet in djiptepunt.
Earder yn 'e wike siet in tongerbui de silers dwers, woansdei wie it de wyn dy't net meiwurkje woe. It wie wynstil op 'e Snitsermar en dan is silen in drege saak.