Earst gjin skieppestâl yn Hollum

© Omrop Fryslân
Yn Hollum op It Amelân komt foarearst gjin skieppestâl. De Rie fan Steat hat de miljeufergunning foar de skieppestâl ynlutsen. De gemeente hie in fergunning jûn foar in stâl fan 110 skiep.
Ut ûndersyk die bliken dat de stankoer- lêst net grut wêze soe. Omwenners stap- ten nei de Rie fan Steat. Dy bepaalde dat salang't de ûndersyksmetoade net erkend is, der gjin stâl boud wurde mei.