Offenwier fierde freonlike aksje

© Omrop Fryslân
Offenwier fierde op de Hurdsyldei aksje tsjin hurdridend ferkear troch it doarp. Om woansdei by it Starteilân te kommen moasten automobilisten troch Offenwier, mar se waarden net opkeard.
De ynwenners hâlden in publyksfreonlike aksje. Se wienen ferklaaid en dielden snobbersguod út. Al jierren woe it doarp ferkearsmaatregels. Nei de simmer praat de gemeente oer de sitewaasje.