Freule faai as it mear reine sil

06 aug 2002 - 00:00

De keatsferiening fan Wommels hâldt it waar in dei foar de Freule goed yn de gaten. It haadfjild is wiet en as der mear wetter falt, kin it keatsen woansdei wolris faai komme te stean. Meiwurkers besykje it fjild op 'e tiid sa droech mooglik te krijen.

De skiedsrjochter nimt woansdeitemoarn om acht oere in beslút oer it al dan net trochgean fan de 100ste Freule.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)