Concours Hippique giet net troch
It Concours Hippique dat woansdei yn Bûtenpost op it program stiet, giet net troch. It fjild is troch de buien fan de ôfrûne dagen fierstente wiet. It Concours is de grutste wedstriid foar hynders yn de iepenloft yn Fryslân.
It is foar it earst yn hast 50 jier dat it CH Bûtenpost om it waar net trochgiet. De jubileumedysje sil no yn 2004 wêze.