Bom sit GGZ noch hieltyd dwers
Mooglik op 'e nij fertraging by de bou fan in nij gebou fan de GGZ oan de Dammeleane yn Ljouwert. It boubedriuw giet der fanút dat der 90 prosint kâns is op in bom. In trillingsûndersyk moast dúdlik meitsje oft begûn wurde kin mei heiwurksumheden.
De resultaten wiene sa ûnwis dat der moandei in second opinion ûndersyk wie. It resultaat is ein dizze wike bekend.