Freule: favoriten treffe inoar

04 aug 2002 - 00:00

De lotting foar de 100ste Freuledei yn Wommels is sa útfallen dat de favorite partoeren fan Wytmarsum en Wommels inoar yn de earste omloop treffe. Der steane 58 partoeren op 'e list en dat is likefolle as it rekord oan no ta.

De ferneamde Freulepartij is de wichtichste wedstriid foar jonges fan 14 oant en mei 16 jier. De freulepartij begjint woansdei om 9 oere moarns.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)