Jongen (17) fermist op Iselmar

© Omrop Fryslân
De kustwacht is op syk nei in 17-jierrige jongen dy't freed by De Lemmer oer board slein is. De jongen siet op in sylboat dy't ûnderweis wie fan Enkhuzen nei De Lemmer. In pear oare passazjiers soene him út 'e gek yn it wetter goaie. Dêrby foel de jongen út Volendam op 'e râne fan 'e boat.
De plysje tinkt dat de jongen om it libben kommen is.