Moandei Hearrenfean - Mannheim

© Omrop Fryslân
Sportklub Hearrenfean hat foar no moandei in ekstra oefenwedstriid op it programma set. Tsjinstanner is moandei de Dútse twadde bundesliga klub Walthof Mannheim. De wedstriid wurdt spile op 'e Jouwer, op it sportkompleks fan SC Joure, om 7 oere jûns.
De ekstra wedstriid is ynlast omdat de wedstriid tsjin Veendam ôfrûne tiisdei oergie fanwege it minne waar.