Wurknimmers SCI thús bleaun

02 aug 2002 - 00:00

In grut tal wurknimmers fan kompjûter- assemblaazjebedriuw SCI op It Hearrenfean is freed thúsbleaun. Tongersdei makke de direksje bekend dat it fabryk slute sil.

De 400 wurknimmers komme op strjitte te stean. SCI is festige op it bedriuwe- terrein op It Hearrenfean. De gemeente seit fierder te wollen mei it terrein. Der wurde oare grutte bedriuwen socht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)