Spesjale trein by iepenloftspul

© Omrop Fryslân
Tidens de foarstellings fan it iepenloftspul yn Jorwert, sil der in trein stoppe by it doarp. Op 16 augustus bout Noordned in tydlik perron om de besikers fan it iepenloftspul feilich yn- en útstappe te litten.
De organisaasje fan it iepenloftspul wol sa de parkeardruk ferminderje. De besikers kinne opstappe op de stasjons fan Ljouwert, Snits en Snits-Noard.