Drugsspuiten yn sintrum Ljouwert

© Omrop Fryslân
Der wurde hieltyd mear brûkte drugs- spuiten fûn yn de Ljouwerter binnen- stêd. Benammen by de dei-opfang foar drugsferslaafden oan de Sudergrêftswâl wurdt de oerlêst hieltyd slimmer.
De gemeente Ljouwert seit yn in reaksje ynkoarten mei in nij projekt út ein te setten. Se wolle ferslaafden oansette om sels har spuiten op te romjen. Ek komt der in 'spuitomruil-projekt'.