Wetteroerlêst by Sirkus Witova
Sirkus Witova stiet op it stuit op Flylân. Tongersdei dreaunen minsken sawat de tinte út troch it reinwetter dat delkaam. De foarstelling fan tongersdeitejûn koe dan ek net trochgean.
It sirkus hat alles op alles set om de foarstelling fan freedtemiddei trochgean te litten. De brânwacht hat de piste hielendal leech pompt.