Nij steakhouse yn Droegeham

01 aug 2002 - 00:00

Der komt in saneamd 'steakhouse' yn in âlde pleats oan 'e Tillewei yn Droegeham. In ûndernimmer út Koatstertille hat dêrfoar in plan yntsjinne by de gemeente Achtkarspelen.

Boargemaster en wethâlders wize de plannen net fan 'e hân. Wol moat der mear dúdlikheid komme oer de ynrjochting en it parkearen. In earder plan foar in kamping is fan 'e baan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)