Oanhâldings by Mercuriusfontein
By de Mercuriusfontein yn Ljouwert hat de plysje woansdei acht minsken oanhâlden. Trije brûkten iepentlik drugs en de oaren hienen guod by har om drugs te brûken. By ien moast de plysje pepperspray brûke en by in oar sels past geweld.
De fertochten komme út Ljouwert en binne tusken de 18 en 25 jier. Der is proses-ferbaal tsjin har opmakke.