Minnesma en Terpstra troch

31 jul 2002 - 00:00

It partoer fan Simon Minnesma hat wûn fan dat Hendrik Sweering. Hy wûn mei Kor Zittema en Marten Feenstra mei 5-2 en 6-4 yn de twadde omloop.

De oare heale finalist is it partoer fan Klaas-Anne Terpstra. Hy wûn mei 5-5 en 6-0 fan Dijkstra, Sake Porte en Auke van der Graaf. Porte dy't okkerdeis sei op te hâlden mei it keatsen krige in lûd en grut applaus op it Sjûkelân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)