Farrûte De Swemmer wurdt opknapt

30 jul 2002 - 00:00

Wetterskip Lauwerswâlden is tiisdei út ein set mei de tariedings foar it opknappen fan de Swemmer. De Swemmer is de farrûte fan de Burgumermar nei Dokkumer Nijesilen. It trajekt, fan 19 kilometer lang, wurdt útbaggere.

Der komme hegere wâlen en op guon plakken wurde fytspaden oanlein. De kosten binne 8,6 miljoen euro. Noch net alle sinten binne definityf tasein.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)