Iepenloftspul by Poptaslot

09 mrt 2012 - 16:19
  • Poptaslot Marsum

It Poptaslot yn Marsum wurdt yn septimber it dekôr fan in iepenloftspul út de 18de ieu. Dan fiert toanielferiening OKK út Marsum ta oantinken oan de stjerdei fan Henricus Popta, 300 jier ferlyn, de klucht 'De Goedhertige Bulderbast' op. Mei it ferstjerren fan Popta waard de Poptastifting oprjochte en dy bestiet sadwaande 300 jier. Ek in reden om it stik yn de tún op te fieren.

De klucht is skreaun troch de Italiaan Carlo Goldoni. Wouter Daane sil it stik regissearje. Der kinne 200 minsken op de tribune sitte.

Dy wurde opheind yn in tinte op it keatsfjild. Oer in tydlike brêge oer de grêft kinne se dan nei de tribune yn de tún.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)