Syktocht nei slang yn Ljouwert

27 jul 2002 - 00:00

Der hat sneontemiddei in syktocht west nei in slang. Dat barde yn de Ljouwerter wyk Camminghaburen. Twa bewenners fan de Roordaburg hiene melden dat se in slang sjoen hiene.

Buertbewenners ha earst sels socht. Doe't se it bist net fine koene, skea- kelen se de plysje yn. Dy hat it bist ek net fûn. It giet om in keningsslang. Dy is ûngefaarlik foar minsken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)