30% mear toeristen yn Dokkum

27 jul 2002 - 00:00

Dokkum hat dit jier sa'n 30 persint mear toeristen lutsen as oare jierren. Mei dat sifer komt foarsitter De Vries fan de ûndernimmersferiening Club 65. De oarsaak leit neffens him yn it wettersportevenemint Friesland Vaart, dat yn juny yn Dokkum út ein sette.

Ek profitearret Dokkum derfan dat der hieltyd mear Alvestêdetochten organisearre wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)