Tekoart oan moksels

© Omrop Fryslân
It tekoart oan moksels wurdt takom jier noch slimmer. Dat seit Alex Schootstra, eigner fan Schootstra's fiskhannel yn Ljouwert. Dit jier is de moksel- opbringst krap en dêrtroch is de priis in euro de kilo heger as ferline jier.
De konsumint lûkt him dêr lykwols neat fan oan en wol de delikatesse graach op tafel ha. Foar guon ûndernimmers is it dreech om oan dy fraach te foldwaan.