Winst en ferlies by oefenspullen

25 jul 2002 - 00:00

SC Hearrenfean hat woansdei ferlern fan it Turkse Ankaragucu. Romano Denneboom skoarde as iennige yn de oefenwedstriid yn Appelskea. De Turken skoarden twa kear. Trener De Haan wie net tefreden.

Cambuur spile in oefenwedstriid tsjin it Israëlyske Ashdod. De Ljouwerters wûnen mei 2-1. Kenan Durmusoglu en Lionel Lord skoarden yn de twadde helte. Trener MacDonald wie wol tefreden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)