Ballonfeesten op 'e Jouwer begûn
De Jouster ballonfeesten binne woansdei wer úteinsetten. Earst giene de lytse ballonnen de loft yn, letter wiene de 35 grutte ballonnen oan bar.
De organisaasje fan ballonfarders yn Nederlân oerleit op it stuit mei boeren oer it takennen fan skeafergoedings by lanningen yn boerelân. Op 'e Jouwer is de boeren justerjûn in ballonfeart oanbean.