Fee fan boer Lenes wurdt romme

24 jul 2002 - 00:00

It fee fan de famylje Lenes yn Vegelinsoard wurdt nei alle gedachten sneon romme. It giet om 50 kij en 40 stiks jong fee. By it feebedriuw fan Lenes waard freed BSE konstatearre.

It binne drege dagen foar boer Lenes en syn gesin. Sa goed en sa kwea as it giet, is boer Lenes de kommende dagen noch oan it buorkjen. De famylje kriget in protte stipe út it doarp.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)