'Gjin soargen oer asteroïde'

24 jul 2002 - 00:00

Minsken hoege har gjin slimme soargen te meitsjen oer in asteroïde dy't yn 2019 de ierde rekket. Dat seit Adrie Warmenhoven, konservator fan it planetarium yn Frjentsjer.

De grutte brok stien, fan wol 2 kilometer grut, is koartlyn troch Amearikaanske ûndersikers ûntdutsen. Saakkundigen neame de asteroïde 'it meast bedriigjende objekt yn 'e rûmte'.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)