Sulver foar junioareskeeleneurs
Jan van Loon fan de Haule is yn Frankryk twadde wurden op it Europeesk kampioenskip skeelerjen mei it Nederlânsk junioareteam. Yn de ploegetiidrit yn Grenade sur Garonnne wie de Italjaanske ploech de sterkste.
Van Loon ried mei Roy Boeve en Simon van Beek lang op it tredde plak, mar wist op it lêst Dútslân noch te ferslaan.