Ungelok mei motor by Jirnsum

24 jul 2002 - 00:00

By in botsing op de Harstawei by Jirnsum binne tiisdei in motorrider (51) út Aduard en syn passazjier ferwûne rekke. De motorrider seach by it ynheljen in auto dy't him temjitte kaam oer de holle. In frontale botsing folge. Ek de automobilist rekke ferwûne.

Troch rap yngripen fan de plysje is de motorrider fan de dea rêden. It ferkear waard twa oeren omlaat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)